foar M.C.
No dat wy op ússels binne kinne wy prate prins as man ta man
ek al leisto op de trep en sjochst likefolle as in deade miammel
te witten in swarte sinne mei brutsen strielen
Nea net koe ik oan dyn hannen tinke sûnder gnyskjen
en no dat se lizze op it stien as delrûgele nêsten
binne se lyksa warleas as foarhinne Dat is de eigenste ein
Earms lizze apart Swurd leit apart Apart de holle
en fuotten fan in ridder yn sêfte toffels
In begraffenis silst ha mei kriichsear ek al wiedest gjin kriichsman
it iennichst ritueel is it dêr’t ik wat fan wit
Net komme der wijde kearzen gjin rekwiëm der komme lonten en gedroan
kisteklaad oer strjitte sleept helmen spikerlearzens artillerygudsen trommelom trommelom ik wit neat moais
dit wurde myn manoeuvres rjochting machtsoername
ferlet is der en gryp de stêd by de kiel lit har wat skrikke
Sa of oarsom moastesto dea Hamlet wieste net foar it libben
leaudest yn kristallen ideeën net yn minsklike klaai
libbeste hieltyd mei setten as jagest yn ’e sliep op meunsters
happich bietest de lucht en fuortdaalks koarrest it út
koedest gjin minskedingen sels sykhelje koedest net
No hasto rêst Hamlet hast ôfmakke wat oan dy hearde
en hast rêst Wat bliuwt is gjin swijen it heart lykwols oan my
keazeste foar it maklikste part in stek mei effekt
mar hoe stiet in heroyske dea foaroer it ivich weitsjen
mei in kâlde appel yn ’e hân op in hege stoel
mei útsjoch op in miammelheap en in oerwurk
Farwol prins der wachtet my in riolearringsprojekt
in beslút oangeande prostitúsje dak- en thúsleazen
moat boppedat neitinke oer in better stelsel fan finzenissen
omdat sa’tsto terjocht opmurkest Denemark in finzenis is
Ik dûk myn dossiers yn Hjoedtenacht wurdt berne
de stjer Hamlet Nea net sille wy inoar moetsje
dat wat fan my bliuwt wurdt net ûnderwerp fan in trageedzje
Net oan ús om te groetsjen noch te fûstkjen wy libje op archipellen
mar dat wetter dy wurden wat krêft wat krêft ha se prins
Zbigniew Herbert (1924-1998) wie ien fan de wichtichste Poalske dichters fan de tweintichste ieu.… Lês fierder