Leit de Fryske literatuer oan de beäzemingsapparatuer? Is it net beskamjend dat Frysktalige literatuer net útjûn wurde kin sûnder finansjele ynjeksjes fan de provinsjale oerheid? Wêrom lêze wy eins Fryske literatuer, as wy faak bettere Nederlânske of Ingelske literatuer lêze kinne? En is it noch wol ‘cool’ om Frysk te lêzen? Op woansdei 10 oktober organisearre Stichting Litteraire Activiteiten Leeuwarden (SLAL), tegearre mei de útjouwerijen Bornmeer en Friese Pers Boekerij, yn debatsintrum De Bres yn Ljouwert it sympoasium ‘Wêr binne de lêzers?’.
Under lieding fan SLAL- en Omropmeiwurker Geart de Vries waard diskusjearre oer de problematyk fan de weromrinnende lêzersoantallen yn ’e Fryske literatuer en waard besocht in antwurd te finen op de fraach hoe’t sa’n ûntjouwing tsjinhâlden wurde kin.… Lês fierder