
… Lês fierderAnsk en Houk
In Frysk gesprek fan Ansk en Houk, mem en dochterFryske gearspraak fan in mem mei har man-sljochte dochter. De dochter hjit Houk, de mem Ansk. Hiel noflik en nijsgjirrich foar fammen en feinten om yn it Frysk te lêzen en te sjongen.
Houk
O leave Heare God, wat sykte soe my deare,
Al flok ik der ek om, hja boaskje allegeare,
Behalve ik, earm faam, is dat net al te sljocht
Dat der net ien feint is dy’t ienris nei my sjocht?
Ik bin lykwols net lelik, en ik bin ek net mismakke.
It is in wûnder spul, ik kin it net yn wurden pakke,
Hoe drôvich as ik bin: as ik yn ’e himel wie!