In skoftke lyn alwer ferskynde by Utjouwerij Frysk en Frij de earste bondel teksten fan de benammen as troebedoer bekende Piter Wilkens. Pitertuerlikens, sa’t it boek hjit, bestiet út ‘kollumkes’ (sa’t it omslach seit) en noch in stikmannich koarte ferhalen. De kollums binne foar it grutste part hearren west by de lokale omroppen De Boarnsterhim, De Eenhoorn en Omrop Fryslân. Guon fan de koarte ferhaaltsjes ha ek al earder te lêzen west yn it fanklupblêd fan de Freonen fan Piter Wilkens.
It boekje bestiet út sa’n 40 koarte teksten. Sa is it in produkt dat lekker weilêst en datst ek wol yn etappes tusken wat oars troch lêze kinst.… Lês fierder