
By ús op it wurk doarmje aparte lju om.
Lju dy’t allegeduerigen myn dwaan en litten kontrolearje miene te moatten, al ha hja noch net heal foar it ferstân wat ik winliken doch.
Lju dy’t ornaris mei sinleaze briefkehinenwerstjoerderij my fan en harrensels oan it wurk hâlde.
Lju dy’t om it hoartsje wichtige emails fan klanten bedobje ûnder harren eigen berjochten — sûnder útsûndering mei in read útropteken as yndikaasje dat de oanbelangjende kwestje ôfgryslik driuwt — dy’t fol stean mei yrrelevante fragen en healwize oarders.
Lju dy’t jimmeroan ûnmooglike prosedueres betinke en útwrydske automatisearringsprogramma’s ‘útrôlje’ dy’t folle mear tiid kostje as opsmite.… Lês fierder