Hugo von Hofmannsthal, André Looijenga

Nei it lêzen yn Dante / Nach einer Dantelectüre

logo.ensafh

 

Nei it lêzen yn Dante

As swart útslein brûnzen grêflidden
Bin de ferneamde swiere âlde fersen
Kâld fiele se oan, ûnferwoastber, drage
Deadenpronk, swartgriene wapenskylden
En in ynskripsje, koper op metaal
Dy’t tinken docht, mar gjin huver jout.
Do lêst en úteinlik komsto by in wurd
Dat is, sa’t dyn siele gauris aand hie
En nea beneame koe, wêr’t se op doelde.
Fan dan set tsjoen útein. Yn elke kist
Bûnst binnenyn mei libbene knokkels
It libben, ûnder komme skouders te plak
It lid rattelet, tusken brûns op brûns
Is in smelle kier, skowe minskefingers
Troch en út de kieren streamt in ljocht
In ljocht, in wûndermoai waarm ljocht
Dat lang rêst hat yn kâlde donk’re grûn
En swijen yn him opsûgd en djippe rook
Fan nachtfruchten, dit ljocht streamt op
En op it lid fan har kisten sette del
De bleate foet yn goudene sandalen
De tûz’nen libbenen, en se sjogge
Nei dy en it toaniel fan spoekige rigen
En prate mear as datst begripe kinst.… Lês fierder