
‘Hee Morgan…!’ De donkere fyftiger seach op doe’t er de limûsine útstapte.
‘Mista Yllema… wat dogge jo hjir yn Den Haach?’
‘Ik haw in fraachpetear foar Ensafh.’
‘Enza..?’
‘Ja in literêr blêd út Fryslân, it hjitte foarhinne Farsk.’
‘Farc?’
‘Farsk! Mar eh do buorkest de lêste tiden ek hiel aardich sjoch ik… net gek… limûsine, bestjoerder, krytsjestreek, rolex. Dochst neat mear foar fakbûn ju?’
De swiere donkere man lake him in huodsje. De holle grut as in fuotbal.
‘Ik bin mei it fakbûnswurk opholden, krige tefolle lêst fan ’e rêch.’
‘Hoe no?’
‘No ja minister wêze ûnder Mugabe is nochal dreech wurk… lyts bedriuwsûnkje hân sis mar.’… Lês fierder