Teije Idzardi lêst syn fers Evangeelje fan de eangst
Klik hjir foar de foardracht
Klik hjir foar de tekst (pdf)… Lês fierder
Teije Idzardi lêst syn fers Evangeelje fan de eangst
Klik hjir foar de foardracht
Klik hjir foar de tekst (pdf)… Lês fierder
ik ha niiskrekt in do deariden
it bist
spatte útinoar as in Japansk reactorfet
tsjin de stile fan myn rút
fearren en ferpolvere dreamen
fan tegearre lokkich en in nêstfol
dwarrelen oeral
do en ik
ik en do
myn auto komt ek út Japan… Lês fierder
Sleepnetfiskje oer de boaiem fan myn siele
Myn pinne rachelet hjoed allinne
mar besopen gedichten mei
in promillaazje dat ferkearstechnysk
ek noch problemen opsmyt
In radiaal symmetrysk nettelbist, bin ik
mei swabberearms yn lij simmersop
om my hinne oars neat as deiblêden
en nachtflinters wylsto my begluorkest
mei it each fan in orkaan
Game over en format C:
dyn software wurket blykber oars as mines
of ha ’k my fersjoen, myn leave prins
en wie’sto
al foar myn earste tút in podde?… Lês fierder
Edwin de Groot, presintator Literêr Sirkwy: 28 maart is de lêste ôflevering fan it Literêr Sirkwy, edysje 2009/2010. Yn Drachten. Dan sit it der foarearst wer op en sil der troch it Skriuwersboun sjoen wurde nei hoe’t it yn ’e takomst fierder moat mei dit “ynstitút”. Want bliuwe moat it Sirkwy wol fansels. It hinget no tefolle op ien/twa persoanen en dat is te krap, te kwetsber. En wêrom moat dat ynstitút dan bliuwe, de Groot? Freegje jo? Wêrom bliuwe? No sjesa, it Sirkwy is net allinne foar de dichters in aardich poadium en fertoan jo keunsten, it is ek in poadium foar NIJE dichters dy’t wat foardragen oanbelanget noch gjin of kwalik fleanoeren makke hawwe.… Lês fierder
Nea tocht
datsto sa sêft as papieren bûsdoekjes
lizzend op it moas –
ûnderhûds deselde foarmen
as beamwoartelnoesten
Nea tocht
eaglidden tear en fier
de draaide hals sa jongeseftich –
dat it hurde ôfwarrende
stadich taaie soe ûnder waarm striken
Nea tocht
de mûltsjes yn it triljend fel
prommeljend fan langste
– nim my, toe –
Dat ik krekt no heakjen bliuwe moat
yn ‘t Heras Hekwerk fan dyn tepel… Lês fierder
Kom der yn, sei ik
doe sto seidest: mei ‘k wat freegje
In jong en proastich hert,
skouders noch net breed fan dragen
Ik dreamde fan de Grykse tunen
dy’t wy bereizgje soene
Mar do skyldest my mei dyn wurden
keal oant op it murch… Lês fierder