Durk van der Ploeg, Rod Jellema

It keammerke

logo.ensafh

Der giet neat mear foarby.
De ierde stiet stil, liket it wol.
Ik tink dat ik der bin.
Dit is myn holle net.
De stoel wol net mear kreakje.
It bêd lei sa stil as snie.

It is lang lyn dat de suster
Ut ’e bibel lies fan ’e Salving.
Us beppe koe by tsjuster waar
Sa geitich út it ear rûke.
Dat ik dêr no oan tinke moat.

Net fier fan dit plak
Wurdt in grêf stutsen,
No’t it mês fan ’e winter
De ynhouten keept.

Om my hinne wurdt de stilte
Sa grut as in seale,
Dat ik sjoch skreken om.… Lês fierder

Durk van der Ploeg, Rod Jellema

Kritik der praktischen Vernunft

logo.ensafh

De ingel fan it materialisme
Dreacht gouden wjukken.
Hja tsjinnet de statussymboalen
En draacht har de minsken op as goaden.
De kultuer ferstiennet op
De pleinen fan de stêd.
De ingel makket de minske
Offfallich as in keppeldier.

De dichter is in auto.
Hy stiet as in brûnzen byld yn it park.
Hy is in masinaal kreatuer.
In bern fan de filosoof.
De dichter seit, de muuze is blyn.
Hja libbet by de dei.
Ik skriuw de tredde wierheid,
Wetten foar psychology,
Deiboeken fan poézij
En grêfskriften fan 100 megaton.

Ik kin myn eigen skrift net lêze.
Myn namme is in statussymboal.… Lês fierder