
It earste dat opfalt oan de biografy oer Tiny Mulder, is dat it in frij tin boek is. Blykber binne wy sa wend oan tsjokke biografyen, dat wy ús fernuverje at se wat tinner binne. Faaks binne de measte biografyen sa tsjok omdat de skriuwer gjin detail oerslaan wol at it om syn of har held giet. Dat soarget trouwens net needsaaklikerwiis foar in better byld fan de haadfiguer. It twadde dat opfalt is dat de held fan dizze biografy noch libbet en der binne net in soad minksen oer wa’t in biografy ferskynt wylst se noch libje. Geart de Vries hat him deroan weage.… Lês fierder