Jelle Kaspersma

trajekt Sleat — Starum

logo.ensafh
it trajekt

de kâlde moardner jachtet oer de baan
syn flymskerpe izers blikkerje en
ryskje efter de lange rigele oan
oeral is harmony en fanfare
op dit feest fan snie en iis

           lang om let it reedriden ferleard
           myn brek oan lykwicht is der mei anneks
           skekke dan mar
           efter de rollator oan
           eins te krebintich foar de kwalsterbaan
           mei sloppe ankels skythakken en winterteannen
           in hakkenkruk op houtsjes
           dy’t gjin oansluting mear kriget
           mei de lange toerrigele
           skekke dan mar
           skekke

de lange kliber
dêr’t de kâlde moardner efteroan jaget
mei blikkerjende en flymskerpe izers
hat him net yn ’e rekken
ommers oeral is harmony en fanfare

           ik doar dit trajekt net mear oan
           sjoch oeral foksen en bearen
           weidûkt efter boskjes en reid en pôlen
           de streekrjochte wurden jeie foar my út
           te âldfrinzich grif mar
           se witte it paad nei starum noch

op dit feest fan snie en iis
is it oeral fanfare en harmony
mar de flymskerpe izers blikkerje
efter de lange rigele oan
rydt de kâlde moardner mei feart en faasje

           dan it lûd fan de oanboazjende wyn
           en de kjeld fan in hân
           dy’t wat oars fan doel is as triuwe
           dat rimpen de redens ûnderwei
           en op ’en paad nei de peugeot

           ik sjoch de reedriders yn ’e loft
           hear troch it bolderjen it skek skek skek
           de swier wapene riders fan de dea
           stowe bylâns en geane westenop
           mei lange gelikense slaggen
           nei harren ryk werom

efter de lange kliber oan dy’t flechtet sûnder aan
rysket de kâlde moardner de baan oer
rydt op ’e dûbele kâns
syn izers út it fet
flymskerp blikkerjend

           harmony en fanfare begeliede myn flechtsjen
           by it feest fan iis en snie wei
           oanklaud mei de wiere kjeld yn ’e bonken
           lit ik sleat gewurde
           en stek oan by de herberch fan de bargebek
           mar de doar is hermetysk sletten

           ek yn fryslân moat it âlde folk
           skûlje yn de hernen en klinten fan de tiid
           besykje om de flok fan de harre seine
           te ûntrinnen sa’t ek myn bloed
           út ’e wei krûpt efter myn wiere gesicht
           en yn de ieren en sinen fan myn lea slommet
           krekt
           net frysk genôch om te brûzen en te sieden

de kâlde master jachtet oer de baan
syn flymskerpe izers blikkerje
moardzjende iisnullen yn de eagen
fan de lju dy’t aansens east en noardenop moatte

           de nachtmerje foarbyriden
           smûk sitte en oan ’e kofje mei kleare by max
           wol hiem mar net thús fansels
           lit ik de snie stowe
           wyt wurdt myn trajekt wiske

           it is oeral noch fanfare en harmony
           op dit feest fan snie en iis
           dêr’t ik
           neat mear te sykjen ha
 
 
 

Lês fierder

Jelle Kaspersma

trajekt Sleat — Starum

logo.ensafh
it trajekt

de kâlde moardner jachtet oer de baan
syn flymskerpe izers blikkerje en
ryskje efter de lange rigele oan
oeral is harmony en fanfare
op dit feest fan snie en iis

           lang om let it reedriden ferleard
           myn brek oan lykwicht is der mei anneks
           skekke dan mar
           efter de rollator oan
           eins te krebintich foar de kwalsterbaan
           mei sloppe ankels skythakken en winterteannen
           in hakkenkruk op houtsjes
           dy’t gjin oansluting mear kriget
           mei de lange toerrigele
           skekke dan mar
           skekke

de lange kliber
dêr’t de kâlde moardner efteroan jaget
mei blikkerjende en flymskerpe izers
hat him net yn ’e rekken
ommers oeral is harmony en fanfare

           ik doar dit trajekt net mear oan
           sjoch oeral foksen en bearen
           weidûkt efter boskjes en reid en pôlen
           de streekrjochte wurden jeie foar my út
           te âldfrinzich grif mar
           se witte it paad nei starum noch

op dit feest fan snie en iis
is it oeral fanfare en harmony
mar de flymskerpe izers blikkerje
efter de lange rigele oan
rydt de kâlde moardner mei feart en faasje

           dan it lûd fan de oanboazjende wyn
           en de kjeld fan in hân
           dy’t wat oars fan doel is as triuwe
           dat rimpen de redens ûnderwei
           en op ’en paad nei de peugeot

           ik sjoch de reedriders yn ’e loft
           hear troch it bolderjen it skek skek skek
           de swier wapene riders fan de dea
           stowe bylâns en geane westenop
           mei lange gelikense slaggen
           nei harren ryk werom

efter de lange kliber oan dy’t flechtet sûnder aan
rysket de kâlde moardner de baan oer
rydt op ’e dûbele kâns
syn izers út it fet
flymskerp blikkerjend

           harmony en fanfare begeliede myn flechtsjen
           by it feest fan iis en snie wei
           oanklaud mei de wiere kjeld yn ’e bonken
           lit ik sleat gewurde
           en stek oan by de herberch fan de bargebek
           mar de doar is hermetysk sletten

           ek yn fryslân moat it âlde folk
           skûlje yn de hernen en klinten fan de tiid
           besykje om de flok fan de harre seine
           te ûntrinnen sa’t ek myn bloed
           út ’e wei krûpt efter myn wiere gesicht
           en yn de ieren en sinen fan myn lea slommet
           krekt
           net frysk genôch om te brûzen en te sieden

de kâlde master jachtet oer de baan
syn flymskerpe izers blikkerje
moardzjende iisnullen yn de eagen
fan de lju dy’t aansens east en noardenop moatte

           de nachtmerje foarbyriden
           smûk sitte en oan ’e kofje mei kleare by max
           wol hiem mar net thús fansels
           lit ik de snie stowe
           wyt wurdt myn trajekt wiske

           it is oeral noch fanfare en harmony
           op dit feest fan snie en iis
           dêr’t ik
           neat mear te sykjen ha
 
 
 

Lês fierder