Remco Kuiper

By de himel op

logo.ensafh

 

 

Heit sei: Ik soe noch sa graach ris in ljurkje hearre wolle, dy’t
heech sjongend oan ’e iepen loft nei de grûn ta falt en dêr in
plakje fynt yn krûdich gers, jim witte wol. Dat moast altyd wêze, dat
wy yn ’e auto – hy foaryn – de stoel wat efteroer, ridendewei op nei de
Warkumerwaard, mei it each en ear op skerp, dêrnei gau troch nei Skrok
en Skrins, it rút krekt sa’n bytsje op ’e skreef. Heit wie wurch, wat
mislik ek, in pear wurden waarden wiksele. It ljurkje fûnen wy net.
Op ’e weromreis moast er spuie, dat wy yn ’e berm, de motor stasjonêr,
de doar heal iepen, in pûde foar de greep, mar syn geast klom al by
de himel op, wy swijende werom, sykjende yn Google’s soundbites.… Lês fierder