Alojzy Nagel, André Looijenga

Poëzij / Pòezja

logo.ensafh

 

Poëzij

Poëzij
dat is net
blomkes en maitiid.
Poëzij
dat is stoarm, in wapen
en striid.
In dichter swijt net.
In dichter sliept net.
Op wacht
stiet er hieltyd.
Hy is net bang
yn de nacht
ek al kamen op him ôf
hiele legers.
Hy wit net wat eangst is;
yn ’e dellings
op ’e heuvels
op see
en op ’e wâl
ferjit er
nea net
dat poëzij
striid is
en in wapen.

(Oerset út it Kasjûbysk troch André Looijenga.)

Pòezja

Pòezja
to nie je
zymk i kwiôtczy.
Pòezja
to chaja, barń
i biôtczy.
Pòeta nie dami.
Pòeta nie spi.… Lês fierder