Piebe Parrebeam

Undertitels

logo.ensafh

Wy sjogge… en hearre…
in stap, in rimp, in gniis, in skrik,
in blik, in kreet, in sucht, in klap!
Mei muzyk, sêft, stil… fleurich… dan wer ûnrêstich… wyld!
Ien wiist, ien sjocht… it byld swaait om…
In mûle giet iepen, wy hearre lûd…
In ritme fan klanken, it dûnset en sjongt,
dán is it de ien, dan wer in oar,
dán is it restich, freonlik, dan wer lilk!
De muzyk swipet, der wurdt draafd, raasd, slein..
Wy hearre wurden, mar ferstean se net. Wy snappe in soad mar dit krekt net…
Akteurs rinne, dogge, prate, binne, wurde…
my, at ik praat
wat ik skriuw,
as spegelbyld fan sprutsen lûd,
ferbûn mei al dat alles dat der bart,
yn ‘e kadans fan it barren, op it ritme fan mekoar;
net te folle, net te min,
soepel trochrinnend, in goed team, in noflik draaiend motorke,
wurde wy sûnder te fernimmen opnommen
mei wurden, betsjuttings, as fansels,
ta in nije komposysje, in ûnderfining, in nije film.… Lês fierder