Anne van der Plaats

Friezen en Griken

logo.ensafh

Se glimke nei him.
‘Bist in Friezin,’ sei Konstantin.
Se joegen har op in terras yn ’e sinne del. It wie maitiid. De loft wie blau fan dagen: se soe trije moanne bliuwe en dit wie noch mar de earste wike.
‘Ik fiel my thús yn Grikelân,’ sei Sytske.
‘Dêrom krekt,’ sei Konstantin.
‘Kinst it ferhaal?’ sei se.
‘Ik kin jim skiednis,’ sei er.
‘Wy leauwe it net,’ sei se, ‘mar wy dreame der wol fan.’
‘Wy sjogge it daliks,’ sei er, ‘en wy fiele it.’
‘Wy ite kij,’ sei se, ‘en jim geiten en skiep.’
‘Fansels feroarje der dingen,’ sei er, ‘mar ik rûk it.’… Lês fierder

Anne van der Plaats

Kat

logo.ensafh

It hûs stie healwei de stêd en it doarp, in eintsje fan ’e dyk ôf. Der rûn in rjochte reed hinne.
‘Wat bist let?’ sei Freark.
‘Ik tocht datst freegje soest wêrom’t ik wiet hier ha,’ sei Nelly.
Se rûn wer nei de dûs ta, no om de holle ôf te droegjen.
‘Reint it?’ sei er doe’t se weromkaam.
‘Nee. Myn hier wie wiet om’t ik de holle ûnder ’e kraan hâlden ha. Ja, om ôf te kuoljen.’
It wie op slach roettsjuster yn ’e keamer.
‘En dat wylst it folle moanne is,’ sei se.
‘Okee,’ sei er, ‘ik tink, dat dizze keamer no leech is.’… Lês fierder