Geart Tigchelaar, Pieter Postma

snooze noch mar efkes myn leafste

logo.ensafh

 

it lekken ferwosken
de gatten hâlde waarmte
fêst mei ús lichems
leppeltsje leppeltsje

de kat set it wetter op
en miauket ús
dreamen de nacht yn

mei ratteljend buissysteem
smoare wy de frijerij
yn in ierstoarn kessen

stiet de kat yn moarnsjas
oft wy der soms net ôf moatte
mar de sinne en wyn hawwe
dochs gjin trochkommen
efter de stoffige latsjeblinen

no fiif minuten noch
mar dan is it fuottenein mynt
oars fine myn neilen jim eagen
as stjerren ûnder it ledikant
rizet de moarnslust
en wettersieder útknipt

Foto: Pieter Postma

Lês fierder
Geart Tigchelaar

de kapsters fan ’e âlde lts oan de nijlânsdyk

logo.ensafh

tusken de spegels yn lis ik
om harren hinne
de noasje fan plôken hier
in swym sjampoo
en it drokke tsjotterjen

deselde ekster op it platdak
leit krekt nei acht jier anty
kreaket it izeren bêd fan marktplaats

mei útsjoch op útstalde etalaazje
poppen fan minne en sjouke
de oanwaaikat

fan gleone hannen en fuotten
oars net nedich as in smoarch
lekken bewuolle yn ’e ivichheid
fan de lange sneintemoarn

Foto Pieter Postma. Mei tank oan Minne Hoekstra, Natuermuseum Fryslân

Lês fierder