Meindert Reitsma

Literatuer út de njoggentjinde iuw opnij besjoen

logo.ensafh

De lêste jierren ûntstiet der in soad nije belangstelling foar de Fryske literatuer út de njoggentjinde iuw dy’t oantsjutten wurdt mei de term ‘folksskriuwerij’. De ynhâld en kwaliteit fan dy literatuer is lange tiid bekritisearre, benammen troch Douwe Kalma-en-dy, omdat dy net paste yn har idealen foar it Frysk en de literatuer. Yn de literatuerskiednis fan nei de bloeitiid fan de Jongfryske Mienskip wurdt noait echt goed besjoen oft de miening fan Douwe Kalma terjochte wie en ûntbrekke stúdzjes om de teksten yn har tiid te pleatsen. Philippus Breuker skriuwt yn syn boek Brekizers fan de foarútgong – Nut en nocht op doarpen yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu (2017) dit: “It hâldt mei de denigrearjende oantsjutting fan folksskriuwerij foar omtrint alles wat der doe skreaun waard, al gau op.”… Lês fierder

Meindert Reitsma

As Napoleon op Elba

logo.ensafh

De beide haadpersonaazjes yn it nijste boek fan Aggie van der Meer binne frijwat singelier. Ho Wu en Misty Mac binne súksesfolle sakeminsken, dy’t ynternasjonaal kontakten hawwe. Men komt net in soad oer de manlju te witten, sa jout Van der Meer bygelyks gjin beskriuwing fan harren uterlik. Der wurdt mar beheind kontekst jûn, bygelyks oer de skiednis fan har ûndernimming of oer relaasjes mei oare personaazjes.
Lykas faker yn har wurk kreëarret Van der Meer in mysterieuze sfear, dêr’t net alles fuort op syn plak falt. Yn Ho Wu en Misty Mac is dat lykwols mear it gefal as yn eardere boeken, wat syn funksje hat, sa’t fierderop dúdlik wurdt.… Lês fierder

Meindert Reitsma

Ja, goed lêze en skerp tinke is in keunst

logo.ensafh

JA, GOED LÊZE EN SKERP TINKE IS IN KEUNST –
HELDER SKRIUWE NAMMERS EK –
TEKSTFERKLEARRING KIN IN OPLOSSING WÊZE – MAR MISKIEN EK NET

Lit ik begjinne mei te sizzen dat ik it moai fyn dat der in reaksje kommen is op myn besprek ‘Tipeljendewei’ fan de ferskaatbondel Frozen moonlight yn myn hannen fan Josse de Haan (Ensafh, nû. 2, april 2015). Dy reaksje fan De Haan hat my wer oansetten ta it skriuwen fan in reaksje, om it ien en oar rjocht te setten.

De Haan giet yn syn reaksje in tal punten by del. Lit ik dat ek dwaan:

(0)
Hjir skriuwt De Haan dat ik tink dat hy op in eilân sit.… Lês fierder

Meindert Reitsma

Eefkes de minske úthingje

logo.ensafh

“‘Ik wie God (…) Mar no net mear. No bin ik Bobo, Bobo Skat.’” (hst. 2). Bobo Skat, dat is de namme fan de haadpersoan fan it nijste Fryske boek fan Froon Akker (1952), In aap klimt út ’e beam, dat yn 2010 yn it Nederlânsk ferskynde as Hoe blond je aap. Hoewol, persoan? Bobo is gjin minske, mar in aap en net samar in aap. Hy stiet fierder yn de evolúsje as de trochsneed aap en jo soene him hast guon minsklike eigenskippen tadichtsje. It grutte doel fan Bobo is no krekt om dy eigenskippen better ûnder de knibbel te krijen, om sadwaande eefkes de minske út te hingjen, sa’t de minske ommers soms ek wol ris de aap úthingje wol.… Lês fierder

Meindert Reitsma

Gefaar en útdaging as speserijen fan it libben

logo.ensafh

Yn de Grykske mytology is it ferhaal fan de healgod Tantalus in tragysken ien. Tantalus waard troch Zeus yn fertrouwen nommen, mar beskamme dat fertrouwen troch ûnder oare te stellen en geheimen troch te fertellen. As straf waard Tantalus nei it ûnderste en slimste part fan de ûnderwrâld stjoerd, dêr’t Hades de skepter swaaide. Hy waard feroardiele ta de ivige toarst en honger. Tantalus moast oant it kin yn it wetter stean en alle kearen wannear’t er drinke woe, sakke er fierder de grûn yn en wannear’t er it fruit dat boppe it wetter hong pakke woe, slagge it him net.… Lês fierder

Meindert Reitsma

De Prottelbontebokker

logo.ensafh

Yn ’e rin fan de tiid binne yn de Fryske letteren al in tal resjersjeurs/plysjeminsken opdûkt, tink oan Nier Hinnebruier en Dynte Planteit fan R.R.R van der Leest, Sigrid den Oudsten en Anke Terpstra fan Riek Landman of oan Homme Veldstra fan Rink van der Velde. Sûnt 2008 hat Fryslân der wer in nijenien by: Ale Alema fan ’e Bontebok. Yn dat jier debutearre Jan Schokker (1952) mei syn plysjeroman De Koalmasaak, útjûn troch Utjouwerij Elikser. Der soe in rige komme, dy’t faaks noch net oan syn ein is. Ein 2012 kaam it fjirde Ale Alema-mystearje út: Lykspul.

It nuvere testamint
Ale Alema is in resjersjeur sa’t je dy wol faker tsjinkomme: hy is krekt oer de fyftich, hat in búkje, mei graach in drankje, is by de frou wei en hat in muoisume relaasje mei de baas.… Lês fierder