De roazen ferspraten in hearlike rook yn ’e krekt opkommende jûnskoelte. De lêste strielen fan ’e sinne ferljochten inkeld noch de wolken heech boppe de kime. No waard it gau kâlder, en de wolken ferkleuren fan hel-oranje nei karmyn en pears. Dochs bleau de man yn ’e iepen feranda stean. Hy stie dreamerich yn it dizich-bewegende tsjuster foar him út te stoarjen, en yn ’e fluch swart wurdende himel ferskynden hjir en dêr twinkeljende stjerren.
Hy gie sitten yn ’e reiden stoel, en naam it glês konjak fan it ebbehouten taffeltsje. De amberkleurige floeistof wie frijwol gitswart yn ’e skimer. Hy liet de floeistof rûndraaie yn it glês, en tocht oan neat yn it bysûnder.… Lês fierder
De baarnende frou
Reagearje