Grytsje Schaaf

Ûnbidich bêd

logo.ensafh

Strutsen lekkens slute meagere skonken
yn in blau-markearre stiselwrâld
fan seil en trochlizzen, fan lije, giele pûdsjes

Dyn plestik/porsleinen domein
lit lânskomoeren oan fuotteneinen skowe en
azemje yn: neat te melden
úttard pearsk-iere-fel striele

Tusken muorren fan floers wurde flústers wiksele,
wurdt tuiketuike kofjedronken:
yn dit ûnbidige bêd bist hast kwyt,
brutsen yn tûzenfâldich krakelee

swijend          makkest lûd om ’t leven
          makkest minne nachten en
                    slepende dagen
        yn it lûd fan wite birkenstocks
 

(8 febrewaris 2008 ferskynt Grytsje Schaaf har dichtbondel ‘sûnder sweltsjes’ by de Friese Pers Boekerij)Lês fierder