Sipke de Schiffart

foarút

logo.ensafh

 

 

foarút

wol of net jin faksinearje litte tsjin koroana?
ast it dochst, kinst deagean oan it faksin,
dochst it net, dan kinst stjerre oan it firus

witst it noait: giest op de fyts nei Dokkum
en wurdst oanriden, dan tinkst, swierferwûne
yn de berm, foardatst weirekkest:
hie ik de auto mar nommen!

mar wiest mei de auto nei Dokkum riden
en tsjin in beam oan botst,
dan hiest tocht, foardatst beswyktest:
wie ik mar op de fyts gien!

dit moat Kierkegaard bedoeld ha
doe’t er skreau dat it libben
inkeld achterút begrepen wurde kin

 

 

 … Lês fierder

Gerda Tolk, Sipke de Schiffart

In leafde sûnder ein

logo.ensafh

Gerda Tolk lêst it ferhaal ‘In leafde sûnder ein’ foar, dat skreaun is troch Sipke de Schiffart. It ferhaal is basearre op har eigen biografy. Jo kinne it neilêze yn ensafh nû. 6, jiergong 2018. De gearwurking tusken frou Tolk en De Schiffart kaam ta stân yn it ramt fan it projekt ‘Spijtproza’ fan Explore Tne North 2018.

https://www.youtube.com/watch?v=Xb71l1R21Hs… Lês fierder

Sipke de Schiffart

De tút

logo.ensafh

We koenen net fierder.
Oan ’e ein
fan de lange pier
by Moddergat
ticht by
Ingelskmanplaat.
Foar it earst dy middei
swijden we.
It wie sêft neijierswaar,
de sinne skynde,
de see lei stil oan ús fuotten.
As op in teken,
of tafallich,
draaiden ús gesichten
tagelyk
nei mekoar ta.
We seagen mekoar oan,
noait earder fan sa tichteby.
Us mûlen
waarden nei mekoar ta lutsen
as magneten.
We koenen net werom.… Lês fierder

Sipke de Schiffart

Unk yn Utert

logo.ensafh

it stopljocht stie op read,
dochs woe in frou
noch gau efkes de strjitte oerstekke

kôgjend op in stikje kaugom,
in lytse poppe mei tinne hierkes
yn in doek foar it liif

in meter fierder, noch gjin tel letter,
sloech in dûbelliddige stedsbus
harren mei faasje tsjin de strjitstiennen

twa miggen yn ien klap,
tocht de misantroop
lyk efter harren op ’e stoepe

hy stie dêr te wachtsjen
en hie mei syn foarse stal
har útsicht behindere

doe stiek er sels oer,
al wie de strjitte withoe read,
it stopljocht stie op grien… Lês fierder

Sipke de Schiffart

Net jong mear, dus âld

logo.ensafh

leave, do praatst sa maklik
oer hoe goed it giet
en hoe lokkich ast bist

mar leave, ik sjoch rimpeltsjes
by dyn mûle, by dyn eagen,
as in ierpel droeget dyn hûd stadich út

hast it sa troffen yn it libben,
do kenst de wrâld en de wrâld ken dy,
se kinne net om dy hinne

mar leave, dyn hier hat de kleur fan henna,
brûkst mear en mear make-up
en dyn liif wurdt hieltyd skraler

leave, ik hâld fan dy,
mar myn leafde ferskromfelet
stadich, stadich, fluch… Lês fierder