Willem Schoorstra, Josse de Haan

Flater op flater: 10 books from Friesland

logo.ensafh

It begjint al mei de titel fan it projekt: ‘10 books from Friesland’. De offisjele namme fan de provinsje is Fryslân. Mar kin men oars ferwachtsje fan in organisaasje dy’t it yn de Nederlânske fariant oer ‘10 books from Holland’ hat? Soks is tekenjend foar de blykbere sleauwens en maklikens dêr’t it Buchmesse-projekt mei útfierd wurden is.

Ut dy reden hat it oars sa sympatike inisjatyf fan de provinsje Fryslân net de glâns en blâns krigen dy’t it fertsjinne. Namste spitiger om’t wy foar’t neist mar ien kâns krije, en ek dêrom is it net ferwûnderlik dat it meastepart fan de Fryske skriuwers protest tsjin de gong fan saken oantekene hat.… Lês fierder

Willem Schoorstra

Frysk en fierder

logo.ensafh

It publisearjen fan it pamflet Oer Erfskip en Nasjonaliteit hat, neist dat it opskuor joech, ek dúdlik makke dat der ferlet fan mear en eksplisiter ynformaasje wie. Net sasear technise ynformaasje as wol in eachweid op in takomst út Frysk perspektyf wei. Fierders hat it ek bleatlein dat emoasjes in beskate rol spylje sadree’t it oer identiteit en komôf giet. Op himsels hoecht dat net slim te wêzen. Foar in hiele protte minsken is it nij om serieus nei jins identiteit te sjen, om út te finen wat dat seit en betsjutte kin foar jins posysje yn de maatskippij en, yn grutter ferbân, de wrâld.… Lês fierder

Willem Schoorstra

Oer erfskip en nasjonaliteit

logo.ensafh

It antwurd op de fraach : Wêrom dochsto ôfstân fan de Nederlânske nasjonaliteit is yn essinsje ienfâldich. Omdat it myn eigen net is. Ik bin nammentlik in Fries en ha út dy reden de Fryske nasjonaliteit. En dat gegeven, dy Fryske nasjonaliteit, wol ik werom sjen yn de gemeentlike basisadministraasje, op myn ID-kaart of yn myn paspoart; brûke kinne op alle mominten dat dêr nei frege wurdt (en ek as der net nei frege wurdt).

Nasjonaliteit tsjut de relaasje oan tusken in yndividu en in steat, kultuer of loyaliteit. It begryp hat in dûbele betsjutting:

1 It hawwen fan it steatsboargerskip fan ien of mear lannen;

2 It op grûn fan komôf of ôfstamjen hearren ta in etnisiteit en (as dy der is) de naasje; nasjonaliteit stiet yn dy definysje los fan it steatsboargerskip.… Lês fierder

Willem Schoorstra

Willem Schoorstra: Wolle wy wol?

logo.ensafh

Ienris yn de safolle tiid moat men jin útprate, de kop himmelje en it moed romje. Oars krijt men op it lêst in soarte fan fersmoargjen, ôfeart dat him fêst set en nei ferrin swierrichheden jout. Dat ik sels ek oan sa’n himmelaksje ta wie fernaam ik okkerdeis, doe’t ik my ûnder de dûs mei autosjampoo stie yn te sjipjen. Folle rook siet der net oan, mar it skomme omraak. It die bliken: de frou hie de tegels dermei dien. Dy begjinne der nammetlik moai fan te glimmen, en it wetter bliuwt der ek minder op lizzen. Dat lêste wie by my net it gefal, mar de plasse hat, nei wat wriuwen en poetsen, noait sa moai glânzge as doe.… Lês fierder

Willem Schoorstra

BoekeBol kollum fan Willem Schoorstra

logo.ensafh

Net stinne mar beminne

Lit ik út ein sette mei te sizzen dat Reve, hij rustte in vrede, in geweldich skriuwer wie; foar it neist, mei Arnon Grunberg, de grutste fan de Lege Lannen. Dat der omtinken is èn wêze moat foar de man en syn wurk kin ik allinne mar ûnderstreekje. Lykwols fyn ik it spitich dat soks krekt by sa’n gelegenheid bart. De knypeach nei eardere boekeballen is der, en it hie te priizgjen west as ek sa’n dei folslein yn it teken fan Frysktalige literatuer stien hie. Want dat sok omtinken skraal is mei yn it algemien bekend wêze: dêr wurdt op it heden in ferdomd lyts bytsje oandacht oan bestege.… Lês fierder