Jûnskimer
de lêste hap
fan it jûnsiten
dat de help klearset hat
en ik doch de skoattel ta
op dat stuit hear ik
hoe’t by de buorlju
de hiele húshâlding
fleurich laket
(oersetting: André Looijenga)
*
Sikehûskeamer
de âldste bin ikke
mei fiifennjoggentich
dan fjouwerennjoggentich
njoggenentachtich
seisentachtich
fjouwer froulju op in keamer
op dagen dat
ús famyljes op besite binne
it hûs fol âlderein
en op ’e gong
filefoarming fan rollators
ik
mei al dy laitsjende stimmen
yn ’e rêch
hingje oan ’e earm fan myn soan
sjoch by it rút wei
nei de kleare himel
(oersetting: André Looijenga)… Lês fierder