Skermer

It is leafde

logo.ensafh

It is foar de tredde kear dat ik oer har dream begjin, oer har 2018-dream. Klik hjir en hjir.

Ik seach har fan ’t simmer noch op it keatsfjild yn Bitgum. Ik wol der net om hinne: ik gûlde, ik stjerde.

Ik sitearje Bob Seger – hy hat it oer it opnimmen fan it nûmer ‘Like a rock’: ‘My fondest memory of this recording is of David Cole and I listening to Rick Vito play the slide guitar solo late one night at rumbo Studios in LA. It was the single most spectular overdub I’d ever heard.’ Klik hjir om it te hearren.… Lês fierder

Skermer

Knibbelje foar JWdV

logo.ensafh

Slach de krante iepen, sjoch op it ynternet. Knibbelje foar JwdV fan de Kulturele Haadstêd is yn Fryslân de nijste trend. Dat it is gefaarlik yn Fryslân! Want dêr’t knibbele wurdt is men jins libben net feilich. Foarearst noch yn figuerlike sin, Mar sa’n AdV, dichter en sjoernalist, ferkeart as knibbeler al op it rântsje, hy hoecht noch mar in lyts triuwke of hy slacht der op. Elkenien dy’t him kritysk uteret oangeande it idee fan de Kulturele Haadstêd en it gedoch (polityk en organisatoarysk) deromhinne wurdt troch him weiset en útracht. Hy giet net yn op wat nei foaren brocht wurdt, want dat docht der net ta.… Lês fierder

Skermer

Sjoch!

logo.ensafh

Yn it boek Nietzsche, een biografie van zijn denken, fan Rüdiger Safranski lês ik dit: ‘Myte en mytologisearjen is in byldyntinsive sinjouwing fan wat oars sinleas is. Wat de mytefoarmjende potinsje fan it bewustwêzen hieltyd op ’e nij útdaget, is de ûnferskillichheid fan de wrâld.’

Mar is de wrâld wol ûnferskillich? Is it miskien sa, dat de mins foar de wrâld de ûnferskillige is. Is de mins net gewoan allinne mar ynteresearre yn himsels, hat er net gewoan allinne mar mei himsels te dwaan? Soe it net sa wêze, dat it probleem is dat de mins himsels net iepenstelle kin, sa’t de wrâld dat ek net kin.… Lês fierder

Skermer

Fryslân en de wrâld

logo.ensafh

Wy sjogge nei de televyzje, harkje nei de radio, lêze de krante, boeken, sjogge op ynternet. Al dy ynformaasje: wy binne fersêde fan ’e wrâld. Moai. De wrâld is uzes meiinoar: net dêr wurdt honger lijt, hjir wurdt honger lijt.

Der kin in skras troch ‘hjir’, der kin in skras troch ‘dêr’.

Ik sit yn ’e tún, op it terras oan ’e sleatskant mei útsjoch oer de greiden: paradys Fryslân. Oan ’e oare kant fan ’e sleat rinne Tesselske skiep en ek in pear barbados blackbellys. Ik drink wyn dy’t wy meinommen ha út ’e Piëmonte yn Italië. It boek dat rjochts nêst my leit stiet fol mei poëzy fan Sinezen, oerset yn it Nederlânsk.… Lês fierder

Skermer

Snoeie

logo.ensafh

Dit lies ik:

‘Bang om te snoeien? Dizze gids lit op heldere wize sjen hoe’tst mei in tal simpele begjinsels yn ’e achterholle net bang hoechst te wêzen dat de te snoeien toaniel-, muzyk-, byldzjende keunst- of literatuersektor it daliks ôfleit ast de snoeiskjirre of de seage der yn setst. Oan ’e hân fan foarbylden dy’t in protte yn ús keunstwalhalla’s foarkomme learst hoe’tst mime- en toanielspilers, trombonisten, skilders en dichters ienfâldichwei sels snoeie kinst. Ek wurdt yngongen op it skearen fan literêre tydskriften en it ferwiderjen fan produksjehuzen.
Snoeie betsjut datst it tefolle ynkoartest en it deade, swakke of wat him ferkeard ûntjout weinimst.… Lês fierder

Skermer

Bloed oan ’e hannen

logo.ensafh

Bloedmetalen. Kobalt. Coltan. Mobyltsje. Kongo. Jild. Bloed oan ’e hannen.

Oalje. Auto. Irak. Jild. Bloed oan ’e hannen.

Himp. Untspanning. Afganistan. Jild. Bloed oan ’e hannen.

Ideology. Macht. Pakistan. Bloed oan ’e hannen.

Ras en nasjonalisme. Grinzen. Palistina. Bloed oan ’e hannen.

Godstsjinst. Hearsksucht. Midden-Easten, Noard-Afrika. Bloed oan ’e hannen.

In ryk libben.

In maklik libben.

In soargeleas libben.

In frij libben.

In feilich libben.

In himelsk libben.

Oarloch!

Der moat bloed foar floeie.

Dines leafst net.

De minske. De wrâld.

Bloed oan ’e hannen. … Lês fierder

Skermer

Oan ’e ein fan it seehaad

logo.ensafh

Wêrom rin ik altyd oan ’e ein fan it seehaad ta? Ik sil ommers gewoan weromrinne. Foar Piet Paaltjens lei dêr in boat klear: ‘Hy wie it sels, de weiwurden mar ûnstjerlike Piet Paaltjens …. ‘Piet!’ gûlde ik foar de tredde kear en sprong, dwars oer de triennen dy’t my ûntrôlen, op him ôf.
Te let. Doe’t ik by it pealwurk wie, wie Piet al yn in boat stapt en glied hinne yn ’e rjochting fan Skiermuontseach. Ik woe achter him oan springe en him achternei swimme, mar seach fan dat foarnimmen ôf, want it kaam my yn ’t sin dat ik, as ik it wetter yn gean, foar de gewoante ha om te fersûpen.’… Lês fierder