Ofskied fon Friundon

logo.ensafh

Ofskied fon Friundon,
der nei da Foriene Steaton fon Noard-Amerika teagon

Nu tiugge jima wei nei fira wester oardon,
End siikj’ en frydom der, dy hier nawt mear bistiet?
Nu tiugge jima forth, end wirde nye bòden
Der jinsen fon ûs unk, end ho ’t hier earstling giet?
Nu scille jima folk end alderlond untwike?
Biwenje freamde grund?
Toscoere wîld den bond der unforbreklik like,
Dy jim’ oan Frîslond bund?

’t Is hird, unhiermlik hird sîn friunden to forleten;
’t Falt swier up ’t heitelond for ’t lest det each to slaen;
Hertbrekkend is det wea by stialpich trienforjeten.
As miich fon miich hin scaeth.… Lês fierder

Harmen Sytstra

De Reedriders

logo.ensafh

In selskip fan jonge feinten mei in pear bejierre manlju sitte om ’t grutte fjoer yn in doarpsweardshûs. Folle en healfolle glêzen steane op ’e skoarstienmantel. De hospes dribbelt drok de gelachkeamer op en del om de leechpreaune glêzen op te heljen en syn mingers fol werom to bringen. It petear hat al in toarn duorre, meast altyd oer it reedriden, en faak mei safolle fjoer, dat der wol in stik seis, sân tagelyk oan it wurd wiene. Elk foar oar koe hurdst. Yn ’t ein reitsje fjouwer, Jasper en Ruerd, sa jininoar oan ’t poffen en ligen, dat al de oare, dêr fan ferbluft, allinne it harkjen der ta dogge.… Lês fierder

Harmen Sytstra

Ofskied fan freonen, dy’t nei de Feriene Steaten fan Noard-Amearika teagen

logo.ensafh

Dit gedicht haw ik útkeazen om’t it goed de sterke punten en wichtichste tema’s yn it poëtysk wurk fan Harmen Sytstra sjen lit. It is hiel oare poëzij as tsjintwurdich wenstich: direkt, mei grutte wurden, retoarysk, dreech, polityk, God, Fryslân, taal. Der sit ek wat mankelyks yn: lykas it earder wie, wurdt it net wer. Mar boppe alles is it oanklacht oan it ‘(be)stjoer’, de machthawwers dy’t it barre litte dat safolle minsken fuorttsjogge út Fryslân. Ommers, dit is in fers út 1849 – in tiid fan revolúsje: it jier derfoar hiene de boargers yn Frankryk en yn Dútslân op ’e barrikaden stien… Dizze liberale revolúsje, dy’t op in soad plakken útrûn op in desyllúzje, sympatisearre Harmen Sytstra grif mei.Lês fierder