
Willem Verf: “It soe foar de Fryske literatuer hiel goed wêze as der yn it bûtenlân goede oersettings fan Fryske boeken yn ’e merk setten wurde.”
Willem Verf (1949) is hikke en tein yn Snits. Nei it Bogerman Lyceum yn syn wenplak folge er de Sosjaal Pedagogyske Oplieding Middeloo yn Amersfoart. Nei syn ôfstudearjen gie er werom nei Fryslân en sette er him mei syn frou nei wenjen yn Damwâld. Hy krige in baan as foarmingslieder yn Beetstersweach en nei funksjes yn it jongereinwurk, de folwoeksenedukaasje en de arbeidsbemiddeling waard er yn 1996 direkteur fan Stichting Hulp en Welzijn Leeuwarden (HWL).… Lês fierder