
It wie sa hjit as brij yn it stedsje by de rivier. Elske en ik hienen even ús nocht fan it omdangeljen en hienen nei lang sykjen foar in Konditorei in plakje ûnder in parasol fûn.
Toeristen yn alle soarten en maten flanteren deun foar ús lâns, manlju mei bleate skonken dy’t hierrich út fierste lange koarte broeken stutsen, froulju mei skommeljende efterwurken en amper bedutsen boezems, dy’t meidûnsen yn it ritme fan it flanearjen.
‘Dêr soe ’k wol krekt eefkes mei dy sjen wolle,’ sei Elske, doe’t wy troch de appeltaart hinne wienen en it kantsje kofje ek leech wie.… Lês fierder