Alwin van der Toorn

In vino veritas

logo.ensafh

 

 

 

doe’t ik acht wie, waard ik troch de rûne
noflik rûkende freondinne fan myn mem
ynwijd yn ’e geheimen fan it sûpen
gewoan thús oan ’e keukentafel
myn mem dielnimster en tsjûge

heit en mem holden der in mediterrane styl op nei –
by it jûnsiten wie ik wend in glês wyn te drinken
dat hearde by myn opfieding, fûnen sy

dy jûn wie de iterij fan ’e beide freondinnen
in wier bacchanaal, dêr’t de twa doazen wyn
oars goed foar in wike wille
der yn ien jûn trochhinne jage waarden

de freondinne fan myn mem hold fan in slok
en hie gjin muoite mei it trochsykjen fan it hûs
sadat us heit de flessen ferburch
as hja lânskaam

de yngrediïnten foar in hearlik Italiaansk miel
leinen te fertutearzjen yn har plestik jaskes
útsein de pekorino dy’t yn stikken snien
mei oliven en stokbôle behimmele waard
fuortspield mei in soad midsmjittige
drûge reade

wylst ‘muoike Sas’ har toarst fersloech
rekke myn mem efter de pûst fan it laitsjen
my waard ûnachtsum byskonken
der waard proaste op it libben
of soksawat

nei in koart skoft fernaam ik
mei it ferwegen fan myn holle
dat it efkes duorre foar ’t de harsens
deselde kant út gongen

ik betrape mysels dat ik djip yn ’e blûze
fan muoike Sas siet te luorkjen
en seach fernuvere dat se my willich
in romme eachopslach gunde
yn har wiidweidige dekolletee

ik fernaam ynienen dat myn mage leech wie –
brabbele mei dûbele tonge wat oer patat
en wie ferbjustere doe’t elkenien oerein kaam
om ôf te setten nei de snackbar

dêr waard de rook fan ferskrale frituerfet
my al gau tefolle, ik kokhalze
en wie midden yn ’e patattinte oer de nekke gien
as ik net tafallich de goede kant op fallen wie

troch de iepen doar nei bûten tsjin in lampepeal
dêr ’t ik ynmoedich en út ’e teannen wei
begûn te koarjen

út ’e fierte hearde ik
de stim fan muoike Sas: ‘sjoch no!… Lês fierder