Www… wêr bin ik bedarre? En hoe kom ik hjir wer wei?
‘Enter your password,’ boldere de moassige kobold by de poarte.
‘Bûter, brea en griene tsiis,’ stammere ik.
Piipjend kreake de doar los. De krobbe bûgde hoflik en swaaide noegjend de hân foar de knibbels lâns. Wie it in ding, of siet der libben yn? Ik kaam yn in romte dêr’t it healtsjuster de grinzen net fan bleatjoech.
Efter my foel de tagongsdoar mei in klap yn ’t slot. It izeren fonnis davere driigjend nei: Lasciate ogne speranza. Wat wie dit foar oarde? In mytyske grot, in ferlerne wrâld ûnder de ierde?… Lês fierder