In grize, mistige moarn slút aardich oan by myn moedstastân op dizze 6 novimber. Fannacht dochs sa no en dan even op myn mobyltsje sjoen hoe’t it yn Amerika gie. Dat hie ’k better net dwaan kind …
Menno ter Braak (1902 – 1940) makke nei de Nederlânske kapitulaasje op 14 maaie 1940 in ein oan syn libben. Neist syn skriuwerskip wie er in bûtengewoan skerpsinnich sjoernalist en essayist. Wêrom’t er net fierder libje woe is noait alhiel dúdlik wurden. Wol dat er mei de tanimmende driging fan it nasjonaalsosjalisme al mar depressiver waard. As gjin oar seach er hokker weagen fan ûnfoarstelbere ûnminsklikens en stompsinnigen oer ús kontinint rôlen.… Lês fierder
Visser. Jemke
Polarisaasje
Wy ha it der mar drok mei tsjintwurdich. Guon meitsje harren der sels skuldich oan en oars is it wol ûnderwerp fan diskusje yn kranten, as yn al mar mear praatprogamma’s, al hat opperflakkich, gychelich gejeuzel dêr gauris de oerhân.
Sels hie ik in ynstjoerd stikje yn ’e NRC nei oanlieding fan in ûndersyk troch sosjolooch Quita Muis.
Och, altyd wol wer in lyts sukseske as it pleatst wurdt, net dan! Mar dêrmei is de diskusje fansels noch lang net foarby. Ek yn mear kranten waard it ûndersyk neamd.
Der is neigien hoe’t it sit mei polarisaasje yn ferskate groepearrings, ûnder oare by saneamde heech – en leechoplaten, babyboomers en de nijere jongereingeneraasjes, ek hoe’t men oer elkoar tinkt.… Lês fierder
Kjirrrr …!
Sa út en troch gean ik nei it bosk Turkije/Grikelân tusken Âldtserk en Oentsjerk, dat eartiids oanlein is troch de Van Sminia’s mei de opbringst fan Turkse steatsobligaasjes en benammen bedoeld wie foar hakhout. Myn pake dêr’t ik nei ferneamd bin, wie dêr as boskwachter yn tsjinst by de Van Sminia’,s dy’t residearren op bûtenpleats De Klinze.
Myn heit en syn twa bruorren as túnman wiene dêr ek wurksum. De bruorren binne altyd yn Trynwâlden wenjen bleaun, mei letter noch in grutte túnkerij efter Stania State.
Yn myn jongesjierren wie ’k der faak útfanhûs. Lâns de bekende paden hear ik yn gedachten dan wer de ferhalen oer adellike jachtpartijen en streupers.… Lês fierder
Noch even nei it strân
Ik wie yn ’e buert, dus ried ik oan ’e ein fan in simmerske dei noch even út ús foarige wenplak Alkmaar wei nei ien fan de Noard-Hollânske strannen, dêr’t wy destiids gauris wiene mei ús bern.
It wie der net bot feroare en ek net botte drok mear. Krekt as eartiids hong op it terras noch in hantsjefol wat wurch eagjende strângasten om. In ‘dagje naar het strand’, hoe noflik ek, sakket altyd wat yn ’e skonken.
In net al te jong mear, ridlik foars frommes yn in luchtige wiidfallende swarte jurk en mei opfallend grutte, rôze earringen socht in geskikt plakje.… Lês fierder
In libbensgenieter
Gewoane minsken hat men it woris oer. Wilders neamt harren Henk en Ingrid. Dat is de grutst mooglike kolder, want wat is gewoan? Dêr hat eltsenien in oare miening oer. Eins is ‘gewoan’ neat oars as wat saai, kleurleas. As je om je hinne sjogge falt it op dat der ‘hiel gewoan’ genôch nuveraardich folk is, sa as dizze libbensgenieter okkerdeis yn ‘e supermerk.
Efter in winkelweintsje swalke er mei breed útwaaierende stappen lâns de skappen. Hy die dat yn in soarte fan walstempo, yn trijekwartsmaat. Syn holle die mei, lykas syn hiersturtsje, strak nei efteren lutsen út in flinke, al wat grize bosk hier wei.… Lês fierder
Boas
Hoe langer ik meirin, en dat is bêst in aardich skoftsje, hoe minder ik der sa stadichoan fan begryp.
In grut part fan de minsken is boas, hearre je hieltyd mar. Wilders ek, alteast dat seit er. Hy lûkt der yn elts gefal gâns stimmen mei. Faaks komt it om’t er yn in kokon fan algeduerigen befeiliging sit. Dan ferlieze je it gewoane libben miskien wat út it each en ha je net yn ’e rekken dat it mei dy lilkens wol wat tafalt. Der is genôch te genietsjen en te laitsjen.
‘Nederland is weer van ons’ … Wie dat ús dan ôfpakt?… Lês fierder
Fakânsjes (1) ‘Kastely’
‘En … wêr sille we no ris hinne’ hat west. Ik wit noch skoan hoe’t elts foarjier yn it teken stie fan wer oer de grins. Earst mei bern en hûn yn ’e auto, karke en tinten op ’e strún nei aardige, wat smûkere, lytsere campinkjes.
Om it hiele D-Day barren te besjen bedarren we in kear op in wol hiel provisoarysk campinkje by in boerespultsje fuort by Omaha Beach. Ien lyts toilethokje wie der mar. De boer yn wurkersklean, mei pet, snor en in bongeljend sjekje yn ’e hoeke fan ’e mûle kaam eltse moarn lâns yn syn ratteljend 2 CV’tsje om it jild op te heljen.… Lês fierder