Gerrit de Vries

Ik

logo.ensafh

 

 

 

Ik

wa bin ik
ik bin in oar
efter myn ferhaal ik
wit tsjin better leauwen yn

foar mysels it allerbelangrykste
ik wie der fan it begjin ôf by
de iennichste dy’t altyd by my bliuwt
en libbenslang nea fuortgean sil

ik bin gjin fariabele
mar in konstante

ik bin ta mysels feroardiele
ik bin myn eigen finzene
en myn sipier
dan de ien dan de oar

ik bin gjin konstante
mar in fariabele

ik bin in kameleon
yn oare wrâlden fersjit ik fan kleur
wylst ik yn in einleas universum libje
is myn wrâldsje tige lyts

ik bin in fisk yn in kom
minsken en dingen dy’t dêrbûten binne
sjoch ik ferfoarme
troch in fergrutglês hinne

ik bin yn god syn djipste tinzen
in tinkende karbonade bin ik
in antyteze
of in paradoks

ik haw in antwurd
mar wit de fraach net

ik bin immen dy’t
fiif minuten foar slutingstiid
oankomt wolkom of net
altyd te let

ik bin gjin aperityf
mar in superlatyf

ik hoech mysels net te sykjen
want ik bin mysels net kwyt
ik stim ôf op it universum
en krij allinich testbyld

Ik bin it lêste puzzelstikje
dat oerbliuwt

krekt net past… Lês fierder

Gerrit de Vries

Huuuuhh

logo.ensafh

 

 

 

seit de jonge yn de rolstoel
syn heit fuorret him in iisko
wat soe sa’n jonge tinke

wat binne we fijn fuort heit
ik woe dat ik dy sizze koe
hoe heech at myn need is

aanst rint de giele miich
my by de skonken del
it is in waarm gefoel

mar nei in skoft begjint it
te jûkjen en te stjonken
fielt it kâlder

as it sitroeniis
datst my mei lytse leppels
ynjitst tige dankewol hear

of soe er filosofearje
dat de ierde om de sinne draait
it ljocht yn in spektrum te skieden is

raande iiskodrippen falle troch swiertekrêft
enerzjy en massa itselde binne
of dat it hyt is ûnder de tekken

de jonge mâlbeart wakker
syn heit seit
dat hy genietet

Huuuuhh seit de jonge nochris
as woe er eat dúdlik meitsje
sjoch dêr rint in swarte kat

ik tink dat it in dichter is… Lês fierder

Gerrit de Vries

dêr’t ik wei kom

logo.ensafh

 

 

dêr’t ik wei kom

neamden we in neger
in neger of in swarte
dêr wie neat pejoratyfs oan
wisten wy folle
se wienen der ommers net
negers

ienris yn it jier
wie Klaske Houtsma
ûnwerkenber sminkt
we holden fan har
en pipernuten
mar wisten net
dat sy it wie

myn earste negerintsje
seach ik doe’t ik útfanhûze
by beppe Wintsje ik wie alve
we boarten hiele dagen
se hie in moaie skutkleur
en wûn altiten mei fersideplak

doe’t ik yn Nigeria libbe
neamden de negers my “oibo”
“white man” of “farske fisk”
en ús blanken
“Jimme witen”
se tochten dat ik ryk wie

ik koe my inkeld ferstopje
efter it traaljestek
fan it guesthouse… Lês fierder

Gerrit de Vries

Begrypst my wol

logo.ensafh

 

mear as
myn petry-skaaltsje
myn siedferedelingsbedriuw

bisto myn steunhoas
as myn ieren spatte
ik mar wat omstroffelje
myn keunstgebit
ik moat dochs ite
myn fjoertoer
as ik it paad
bjuster bin

do bist myn batterijlader
myn dialyzefilter
myn pompstasjon

loegje op myn golle
hekkelje myn sleatswâl
ikkerje my
as myn fuorgen
oerrinne

begrypst my wol
of moat ik sizze
leafste… Lês fierder

Gerrit de Vries

Oanreitsje

logo.ensafh

 

wat docht it my

as buiewolken
leadgrize loften skowe
op wite wynfearren
dûnker driigjend
it lân yn rôlje

wat ferrekt it my

as fûl de wyn
kâld de hagel
my om ’e kop slacht
it fel read
oan stripen giselt
mei tûzen nullen stekt
de lea ferklommet

it docht my sear

as de pine
myn hert raant
myn hûd it iis yn
frisse triennen
fan de holle
baarnt

wat kin it my skele

as de sinne troch my
ljochtet
yn tûzen kleuren
in reinbôge brekt
de kleuren my
op en ôf gean

as it sa fielt
as ik dy do my
wy inoar

oanreitsje… Lês fierder