
Hoe wurket by Tolkien de ferlossing fan dizze minske? Hoe wurket de ‘eukatastrofê’ fan ‘e Ring, dy’t neffens de auteur in ôfbylding wêze mei fan ‘e grutte ‘eukatastrofê’ fan ‘e oerwinning fan Kristus? Yn The Lord of the Ring is dêr net folle oer te finen, en nammerste gelokkiger binne wy dat de auteur sels dêr it nedige oer sein hat. Hy skriuwt, sa’t wy al sjoen hawwe, dat it ferhaal fan Jezus Kristus in myte is dy’t God as auteur skreaun hat yn ‘e feiten fan ‘e skiednis. (Webster en Rogers (79) ferwize foar dit idee nei Thomas fan Aquino, Summa Theologica I qu.… Lês fierder