Harm Woelinga

Finster iepen

logo.ensafh

 

 

 

Finster iepen

it finster iepen
wurden en blêden twirje
de wyn is om

ien hân
beklaut in jokjende hûd
de oare mei de kop
by it toetseboerd

de túnklauwer gappet
mei skjinne tinen
tsjin de hoksmuorre

wat oanwaaien kaam
komt net binnen
blêdôffal by de bult
oanklaud stean ik by de bûtendoar… Lês fierder

Harm Woelinga

Brune sûker

logo.ensafh

Yntroduksje

Ik bin opgroeid yn De Westereen, in doarp mei in eigen taaltsje: “Hikke en teen yn De Westereen”. De Westereen hat in bepaalde namme yn Fryslân, mar iksels wie de bange en bleue kant it neist. As jonge puber harke ik meastentiids nei de Veronica top 40. Mei de slachsin “Met The Stones op één, voel je je blij van top tot teen” wûn ik in platebon, doe’t Brown Sugar op nûmer 1 stie. Wylst ik noch gjin platespiler hie, kocht ik dochs myn earste LP… Sticky Fingers (de hoes wie útfierd as in spikerbroek mei rits). Dit jier is it 50 jier ferlyn dat dy LP útbrocht waard.Lês fierder

Harm Woelinga

Fan boppen

logo.ensafh

 

 

hapsnap isolemint
brekt ûnderoan
de krêft fan ferbining

licht tilt de omrop
de mienskip
in oare hichte yn

hâld moed
haw leaf
hâld fol

de hoanne op ‘e toer
fergulde teplak
wit net hoe let it is

fryslân fan boppen
optild as in bern fiel ik
thús is ‘t fier hinne… Lês fierder

Harm Woelinga

Fol

logo.ensafh

 

 

 

Fol

it bêd kreaket
in holle
fol fragen

it bêd sprekt
in holle
fol stimmen

gleone fuotten
dôvje ûnderweis
nei it finsterrút

en dêr

sjochst har
fol ljocht en leafde
dizze kant útsjen

oandien
stjerren en strjitlampen
dôvje

leafste sjoch
dêr’t it gerdyn gappet…
dêr stean ik… Lês fierder