
Wat is dat dochs mei skriuwers en katten? Hiele boeken binne deroan wijd (Dagboek van een poes fan Remco Campert is de earste dy’t my yn it sin komt), en ik kin my sa in tal ferneamde foto’s foar de geast helje fan skriuwers mei harren kat (Natalia Ginzburg bygelyks, of Hemingway, of Colette). En wa wie it ek al wer dy’t sei: ‘Ik skriuw allinnich mar sa’n soad omdat ik in kat haw, dy’t de hiele tiid op myn skoat sit, sadat ik neat oars dwaan kin’? Eins hawwe katten alles dat nedich is om in roman te skriuwen: yn it foarste plak in ûnfersteurbere rêst, yn it twadde plak de alertens om ta te slaan as de tiid dêr ryp foar is.… Lês fierder