Wa wint de GJ-Priis 2009? (15)

logo.ensafh
Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9) , (10) , (11) , (12), (13) en (14).

Andries Miedema – Wynfearren by ’t le mieren

Oardelhûndert gedichten ferskynden yn ien klap by útjouwery Frysk & Frij, doch mar rij! Nee, sunich is Goasse Brouwer net as it giet om ús dichters. It wie yn 2005 dat dizze mânske bondel fan Andries Miedema útkaam.

wynfearrenbytlemieren-miedema-andries

Op de digitale side fan de újouwer stiet moai op in rychje wat de krityk sein hat oer dit foarmfêste dichtwurk. Opfallend binne de opteine wurden fan Abe de Vries op Farsk 54: ’It is sa helder as glês dat Miedema al in dichter is, en boppedat in dichter dêr’t in oar in protte fan leare kin. Uteinlik is it de kearn fan syn poëzij dêr’t it om giet: de dea en de fjouwerrigel, de beswarring, it ritueel. In ieuwenâlde tradysje fan poëzij skriuwen, dy’t hjir in wjerklank kriget dêr’t men bytiden stil fan wurdt’. Op side 160 stiet:

APOLLO

Wie ’k as jo, Apollo, goade gelyk
yn goedens, skientme, oarder, rjocht,
jo, god fan dichters en muzyk…
mar ’k bin in minske rjocht en sljocht.

Soene jo in pylk op my rjochtsje
fan omfierren, dêr haw ik oer lêzen,
myn brein my wjokjende wurden ferljochtsje,
Orakel fan Delphi, master yn ’t genêzen.

Apollo, hoe kom ik jo neier en tichter
spitich, ik kin net de takomst foarsizze
mar oan my sil it perfoarst net lizze:
Iverich sil ik leare foar dichter.

In nederich stânpunt fan de dichter fan dit moai fersoarge boek. It lêzen, lykwols, dêr kinst wol wat tiid foar nimme, bedoel ik mar. Andries Miedema jout ús kar út. Op side 109 tref ik in fers oan dat as ienige tige ôfwykt en dat bûten it stramyn fan de kwatrinen falt, mar wol wer 14 rigels telt. Is it in sonnet?

UNWENNICH

De rûge rotsen seagen del
op ’t doarpke fan deselde stiennen.
Allinne frjemde ûnbekenden
– dy’t yn ’t kafee de wyn sa minden
en yn it strjitsje lang en smel
de heale meter sinne –
knoffelen it paad omheech
mei yn ’e rêchsek wyn en wetter.
Hja seagen yn ’e rotsegrillen
Jezus, kat en krokkedil en
doe’t it siësta waard en dreech
it swit al op ’e rêch en dree
noch waarmer, heger, letter…?
Djip it dak fan it kafee.

Bliksem, trije puntsjes mei in freechteken der achter, wat sil dat betsjutte? It is in hiele klim Parnas’ berch op! Fansels docht ek dit debút mei oan de Gysbert Japicx-priis 2009 foar poëzy.

jqsmînk

Ien gedicht, no twa dan, út in bondel wei dy’t optilt fan de poëzy. 151 gedichten.
Miedema is aardich wat kearen besprutsen. Yn alle besprekken komt nei foaren dat opfalt dat Miedema’s gedichten klassyk kwa foarm en technyk binne.

Abe de Vries – Farsk: ‘Wa’t de fersen oereaget, sjocht dalik dat ek wat de foarm fan dizze poëzij oanbelanget de dichter folslein syn eigen paad rint. Yn dit tiidrek fan it frije fers, dat de klassike foarmen fier nei de achtergrûn treaun hat, jit er syn poëzij hast provosearjend yn jambyske en rymjende fjouwerrigels, iderkear ûnderbrocht yn trije of fjouwer strofen; sa út en troch ôfmakke as klassyk 4-4 3-3 sonnet.’

Babs Gezelle Meerburg – LC: ‘It binne meastal foarmfêste fersen mei rym.’

R.A. Wagenaar Duursma – NBD: ‘Opvallend is de traditionele vorm: rijmende strofen (vierregelig), zo nu en dan zelfs een sonnet.’
Ek Apollo is in klassyk opboud gedicht. Trije kwatrinen mei abab cdcd efef.
Knap dien. Myn smaak? Nee, mar smaken ferskille.’

Abe de Vries: ‘Hast altyd is syn rym floeiend, natuerlik en fierhinne ûnopfallend.’

Henk v/d Veer: Ien fan de skaaimerken fan sneinsdichters is dat se omraak rymje kinne, en ek Miedema makket op dizze rigel gjin útsûndering.’

Pier Boorsma: ‘(…) foar Miedema, dy’t omraak rymje kin oer alle mooglike ûnderwerpen yn gedichten dy’t spitigernôch meast djipgong misse.’

Yn alle besprekken dy’t ik lêzen haw wurdt opmurken dat in bondel mei safolle gedichten tsjinne west wie mei in redakteur. Dus oft sa’n bondel in GJP yn ‘e wacht sleept? Tink fan net. Mar wol in moaie bondel foar lêzers mei in ferlet fan in ‘medisyn’ tsjin it frije fers.

edwindg

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *